Dorpsbelang Ferwoude
 
Wy binne grutsk!

Wy binne grutsk!

It liket wol oft ús foarstellings alle jierren populêrder wurde! Op sneontemoarn 15 febrewaris sette de online kaartferkeap útein. De foarstelling fan sneontejûn wie binnen tsien minuten útferkocht en de kaarten foar de freedtejûn in pear oeren letter ek. Ek yn de kaarten foar de snein is al in flink gat slein. Dêr binne wy tige grutsk op!

Dit bericht liever in het Nederlands lezen? Klik dan hier.

Noch wol kaarten te krijen

Foar sneontemiddei 8 maart en sneintemiddei 9 maart binne op dit stuit noch wol kaarten te krijen, mar wy witte net fansels net oft dat ek noch sa is, as jo dit berjocht lêze.

Kaarten bestelle

Kaarten kinne online besteld en betelle wurde fia www.ferwoude.eu/toneelkaarten. Wachtsje net te lang, want jo hawwe yntusken wol begrepen dat it hieltyd rapper giet mei ús kaarten. Slagget it jo net om online in kaart te bestellen? Skilje dan (oerdeis) efkes mei Geesje Leemburg (06 – 11 79 57 75). Dan losse we it op in oare wize op.

Ferlotting mei prachtige prizen!

Nei ôfrin fan eltse foarstelling is der in ferlotting. De lotsjes hjirfoar binne allinne fóár de foarstelling te keapjen yn de garderôbe. 1 lotsje foar 1 euro, 6 lotsjes foar 5 euro. It leafst mei pin betelje of mei past jild. Der binne prachtige prizen te winnen en jo stypje ús feriening der mei.

Kaart net ferjitte mei te nimmen!

Binne jo ien fan de gelokkigen dy’t al in digitale kaart bemachtige hat? Dan winskje wy jo in prachtige jûn of middei ta. Net ferjitte om jo kaart mei te nimmen (op mobile tillefoan of papier), want dizze moat by de yngong ‘scand’ wurde. As jo online besteld en betelle hawwe, dan binne de kaarten jo tastjoerd troch Ticketkantoor. Hawwe jo nei it beteljen noch hieltyd gjin kaarten krigen? Sjoch dan efkes yn de ‘ongewenste mail’. Stiet dêr ek gjin mail yn? Dan hawwe jo miskien in typflaterke makke yn jo mailadres. Stjoer yn dat gefal in mailtsje nei toneelferwoude@gmail.com. Dan sjogge wy der efkes nei.

Graach oant sjen op 7, 8 of 9 maart!

Mei freonlike groetnis,
It bestjoer fan Toanielferiening Yn ‘e Djippert