Dorpsbelang Ferwoude
 
Win twa kaarten foar in foarstelling nei kar!

Win twa kaarten foar in foarstelling nei kar!

Sa’t wy yn de foarige Klepel al skreaunen, spylje wy dit jier it blijspul “Kluchten en Kueren” yn doarpshûs De Finne yn Ferwâlde op 13, 14 en 15 maart 2026. It oarspronklike stik (Kuuroord Fontina) waard skreaun troch Pol Anrys en oersetten nei it Frysk troch Gurbe Dijkstra.

Dit nieuwsbericht liever in het Nederlands lezen? Klik dan hier.

Oer it stik

Eigners Tina en Fons dogge der alles oan om harren kueroard Fontina te rêden. Se krije it flink foar de kiezen mei nuvere gasten, konkurrinsje en gaos. It is in hilarysk stik foar jong en âld!

Kaartferkeap set op sneon 14 febrewaris útein

Op sneon 14 febrewaris om 9.30 oere begjint de kaartferkeap. Ek dizze kear moatte de kaarten wer online besteld en betelle wurde fia www.ferwoude.eu/toneelkaarten. Wachtsje net te lang, want dizze kear spylje wy gjin 4, mar 3 kear. Wy tinke dat it dêrom dizze kear noch rapper útferkocht is. Kinne jo net online in kaart bestelle? Skilje (of app) dan efkes mei bestjoerslid Geesje Leemburg (06 – 11 79 57 75). Sy helpt jo graach fierder.

Kaarten winne!

Fanôf ein jannewaris kinno jo wer twa kaarten winne mei ús jierlikse diel- en winaksje op Facebook en Instagram. Mar… dizze kear foar it earst ek in ‘analoge’ winaksje; útslutend foar de ynwenners fan Ferwâlde! Hoe wurket it? Hjirûnder fine jo ús poster as bestân. Helje de poster del en printsje dizze. De poster is ek werom te finen yn De Klepel. Hingje de poster sichtber op efter jo rût fan 1 oant en mei 10 febrewaris (earder mei fansels ek 😊). It bestjoer kiest yn dy perioade op in ûnferwacht momint de priiswinner. De priiswinners fan beide aksjes, meitsje we bekend op 12 febrewaris.

Sponsors; wy kinne net sûnder!

Begjin jannewaris nimme wy wer kontakt op.mei ús trouwe sponsors. Drage jo ús toanielferiening ek in waarm hert ta en wolle jo ús ek graach finansjele stypje? Stjoer dan in e-mail nei toneelferwoude@gmail.com. Wy nimme dan sa gau as mooglik kontakt mei jo op.

Mei freonlike groetnis,
It bestjoer fan Toanielferiening Yn ‘e Djippert

POSTER KLUCHTEN EN KUEREN