Dorpsbelang Ferwoude
 
Kaartferkeap Kluchten en Kueren

Kaartferkeap Kluchten en Kueren

De kaarten foar de toanielfoarstellings op 13, 14 en 15 maart 2026 binne fanôf sneon 14 febrewaris om 9.30 oere te bestellen fia dizze side.

Dit bericht liever in het Nederlands lezen? Klik dan hier.

Kaarten bestelle en betelje

Tagongsprizen

  • Bern o/m 12 jier – € 5,00
  • Fanôf 12 jier – € 12,50

Hoe wurket it?

  • Fia ien fan de linken boppenoan yn dit berjocht, geane jo nei it saneamde ticketsyssteem.
  • Jo bestelle de kaarten mei allinne jo namme en mailadres.
  • Nei it beteljen mei iDeal, wurde de kaarten nei jo mailadres stjoerd troch Ticketkantoor.
  • Print de kaarten út of lit se sjen op jo mobile tillefoan.

Kaarten besteld (en betelle), mar dochs ferhindere?

Hawwe jo kaarten besteld en betelle, mar kinne jo dochs net komme? Dan binne jo sels ferantwurdlik foar it trochferkeapjen. Lit bygelyks in berjocht efter op ús sosjal media (Facebook en Instagram) as jo jo kaart(en) ferkeapje wolle. Hawwe jo gjin sosjal media? Stjoer dan in mail nei ûndersteand mailadres en dan helpe wy jo dêr graach by. Let op: de toanielferiening jout gjin jild werom!

Fragen?

Stjoer dan in mail nei toneelferwoude@gmail.com Slagget dat net, dan kinne jo appe of skilje nei 06 – 11 79 57 75 (Geesje Leemburg, bestjoerslid).