Dorpsbelang Ferwoude
 
Diagnoaze “Net mear te rêden!”

Diagnoaze “Net mear te rêden!”

Toanielferiening Yn ‘e Djippert spilet op 8, 9 en 10 maart 2024 it Frysktalige blijspul “Diagnoaze: “Net mear te rêden!”. Sa’n titel makket fansels nijsgjirrich, dat begripe wy. Dêrom hjirûnder alfêst in tipke fan de sluier. It wurdt yn alle gefallen in foarstelling om te laitsjen en fan te genietsjen!

In eigentiidske en flot skreaune sikehûs-komeedzje

It stik spilet him ôf yn it sikehûs. We komme yn ‘e kunde mei suster De Vries, in tige strange haadsuster. Se is hiel senuwêftich, want ynspektrise Den Blijker sil it sikehûs kontrolearje. En dêr is sy behoarlik fanatyk yn. Broeder Sebastiaan begeliedt stazjêre Annabel by har earste dagen yn it sikehûs. Wy komme ek yn ‘e kunde mei pasjint Peter Otjes, in sûch dy’t in behanneling hawwe moat dêr’t er leaver net oer praat. Syn oerhearskjende frou Agnes bepaalt alles foar him. Gonda, in folkse frou, leit ek op deselde keamer. Ria, har freondinne, smokkelt gauris sigaretten en drank mei nei binnen en tegearre meie se graach rabje. Dokter Hunk is fan elkenien de favoryt en dêr makket er handich gebrûk fan. Pasjint Marylene hat ûnder it mes west. “Foar it fuortheljen fan memmeflekjes”, seit se. Mar is dat wol sa? Mar wêr’t se ek foar kaam, it is net hielendal (mar eins hielendal net) goed gong. Dat soarget foar in hilarysk en skokkend ein 😱!

  • Skriuwer: Rob van Vliet
  • Fryske oersetting: Griet Reitsma-de Jong
  • Regisseur: Onne Nicolai

Spyldata

  • Freed 8 maart (20.00 oere; ynrin fanôf 19.30 oere)
  • Sneon 9 maart (20.00 oere; ynrin fanôf 19.30 oere)
  • Snein 10 maart (15.00 oere; ynrin fanôf 14.30 oere)

Lokaasje

Doarpshûs ‘De Finne’, Buren 31 yn Ferwâlde.

Kaartferkeap

De (online!) kaartferkeap begjint op sneon 10 febrewaris om 10.00 oere. Hâldt dizze website en sosjal media yn de gaten foar mear ynformaasje!