Dorpsbelang Ferwoude
 
Toanielferiening Yn ‘e Djippert alwer drok mei repetearjen!

Toanielferiening Yn ‘e Djippert alwer drok mei repetearjen!

Op 7, 8 en 9 maart 2025 spylje wy yn totaal fjouwer kear de tragikomeedzje Chez Dolly ‘Encore’ yn doarpshûs ‘De Finne’ yn Ferwâlde. Set it alfêst yn de aginda!

Dit bericht liever in het Nederlands lezen? Klik dan hier.

Oer it stik

Chez Dolly is in eigentiidsk stik mei werkenbere sitewaasjes út it deistige libben, fol mei trageedzje, komeedzje, yntryzjes, haat en niid. Ofwiksele mei humor, leafde en begryp. In ferskaat oan personaazjes bringt de nachtklup ta libben mei dûns, musyk en entertainmentshows! It stik is skreaun troch Jose Frehe en Rob van Vliet, de Fryske oersetting is fan Gerda van der Wijk. Anne Nicolai is, lykas ferline kear, ús regisseur.

It ferhaal

It ferhaal spilet him ôf yn in nachtklup, dy’t neamd is nei eigneresse Dolly. Sy stribbet dernei om, tegearre mei har artysten, de gasten fan de klup in jûn fol glitter en glamour te besoargjen. Spitigernôch slagget dit net altyd. De klup sit yn swier waar en de artysten binne net fan in al te heech gehalte. Alles wurdt út de kast lutsen om de klup te rêden. Mar… sil dit slagje?

Kaartferkeap

Lykas ferline jier, wurkje wy ek dizze kear wer mei in online kaartsje-systeem. Wannear’t de kaartferkeap begjint en hoe’t it systeem wurket, fertelle wy yn de folgjende Klepel en fansels op sosjale media en dizze webside.

Oant sjen yn maart?

Mei freonlike groetnis,
Toanielferiening Yn ‘e Djippert, Ferwâlde