Toanielferiening Yn ‘e Djippert spilet op 13, 14 en 15 maart 2026 it blijspul “Kluchten en Kueren” yn doarpshûs De Finne yn Ferwâlde. Set it fêst yn de aginda!
Wy binne los!
It kealle dizze kear swier om genôch spilers te finen, mar it is gelokkich slagge! De repetysjes binne al wer in pear wike yn folle gong. En wy kinne no al ferklappe, dat it wer in hilaryske foarstelling wurdt. Dat is ús spilers én regisseur Mirjam wol ta betroud. Yn de folgjende Klepel fertelle wy jo graach mear oer it stik en de spilers. Wat wy wol alfêst ferklappe kinne, is dat De Finne mar it bêste doarpshûs bliuwe kin 😉. Ferline jier wie De Finne noch in sfearfolle nachtklup (Chez Dolly), mar foar dizze foarstelling wurdt ús doarpshûs omboud ta in wier kueroard. En dêr rint it fansels ek net sa’t it rinne moat…
Nijs fan it bestjoer
Wy hawwe it toanielseizoen begjin oktober tradisjoneel ôftrape mei de jiergearkomste. Wy beprate dan benammen mei-inoar hoe’t wy wer in geweldich wykein delsette kinne foar ús doarp (en omkriten). Wietske Buma naam yn dizze gearkomste ôfskie nei fjouwer jier bestjoer. Fansels waard sy yn it sintsje setten mei in bosk blommen en in kadobon. Noortje Zeinstra nimt de bestjoersfunksje fan Wietske oer.
Sa binne jo wer hielendal op ‘e hichte. Oant sjen yn maart?
Mei freonlike groetnis,
It bestjoer fan toanielferiening Yn ‘e Djippert, Ferwâlde
Ps: Deze tekst liever in het Nederlands lezen? Klik dan hier.