Jo sille ús doarpshûs net weromkenne as jo troch de doar komme yn it earste wykein fan maart. De Finne krijt nammentlik spesjaal foar ús foarstellings in folsleine metamorfoaze. It is miskien no noch dreech yn te tinken, mar de seal wurdt omboud ta in echte nachtklup!
Dit nieuwsbericht liever in het Nederlands lezen? Klik dan hier.
Op hakken rinne en teksten stampe
Sa’t wy yn de foarige Klepel en op dizze webside fertelden, spylje wy op 7, 8 en 9 maart de tragi-komeedzje Chez Dolly ‘Encore’. In stik mei “een lach en een traan”. De spilers binne drok dwaande mei it deryn stampen fan de teksten. Dêrneist wurdt der efter de skermen ek hurd wurke om jo wer in prachtige middei/jûn te besoargjen. De spilers binne dizze kear: Wietske Buma, Fokelien van der Bos, Grietsje Stellingwerf, Hendina van Kalsbeek, Marjan de Jong, Tsjalling Ybema, Sjoerd Sterkenburg en Evert-Jan Schoneveld. Noch efkes in leuk “wist-u-datje”: ien fan dizze spilers moat de kommende moannen (hurd) oefenje mei it rinnen op hege hakken. Benijd wa’t foar dizze útdaging stiet? Kom dan nei ien fan ús foarstellings. In tipke fan de sluier: it kin like goed in frou as man wêze!
Sponsors; wy kinne net sûnder!
Begjin jannewaris sykje wy kontakt mei ús trouwe sponsors. Wy hoopje fansels dat wy dizze kear ek wer in berop op harren dwaan meie, want sûnder sponsors kinne wy net! Drage jo ús toanielferiening ek in waarm hert ta en wolle jo ús ek wol finansjele stypje? Stjoer dan in mail nei toneelferwoude@gmail.com. Wy nimme dan sa gau as mooglik kontakt mei jo op.
Kaartferkeap set op sneon 15 febrewaris útein
Set it alfêst mei koweletters op jo kalinder of yn de aginda. Op sneon 15 febrewaris om 9.30 oere begjint de online kaartferkeap. Ferline kear wienen de kaarten rap útferkocht, dus wêz der op ‘e tiid by! Ek dizze kear moatte de kaarten wer online besteld en betelle wurde fia www.ferwoude.eu/toneelkaarten. Wachtsje net te lang, want wa wit, is it no ek samar útferkocht! Slagget it jo net om online in kaart te bestellen? Skilje (of app) dan efkes mei bestjoerslid Geesje Leemburg (06 – 11 79 57 75). Dan sykje we mei-inoar nei in oare oplossing.
Graach oant sjen op 7, 8 of 9 maart!
Mei freonlike groetnis,
It bestjoer fan Toanielferiening Yn ‘e Djippert